Adema: 'earmoedbelied wurket'

26 jan 2011 - 10:22

De provinsje hat de ofrûne 4 jier goed 3 miljoen útjûn oan it bestriden fan earmoed yn Fryslân. Deputearre Adema is tefreden oer de berikte risseltaten. Der binne 22 projekten útein set. Tanksij it earmoedbelied kinne hûnderten bern sporte en kinne de measte jongeren dy't yn behanneling west hawwe by Jeugdhelp Fryslân kinne sûnder skulden fierder.

Ek jout de kredytbank gastlessen op skoallen. Dit om foar te kommen dat bern letter skulden meitsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)