Oppakt foar slaan plysjeman

De plysje hat tiisdei in twadde fertochte oanhâlden yn ferbân mei in fjochtpartij yn dit wykein. Yn de nacht fan sneon op snein bruts yn in kafee oan de Nijstêd yn Ljouwert in fjochtpartij út tusken portiers en besikers. In portier en in plysjeman krigen klappen.
De portier moast yn it sikehûs oan syn ferwûnings behannele wurde. Op dat momint koe der fuort in Ljouwerter (28) oanhâlden wurde. Tiisdei waard ek in twadde fertochte (33) oanhâlden.