FNP: ferkeapje Roorda net

26 jan 2011 - 07:44

De riedsfraksje fan de FNP fan Hearrenfean hat krityk op sportklup Hearrenfean. Yn de media binne de lêste tiid hieltyd berichten dat Geert Arend Roorda mooglik ferkocht of ferhierd wurde sil. Neffens de Frysk Nasjonale Partij moat dat perfoarst net gebeure.

De partij fynt dat der te min Fryske boechbylden binne by de fuotbalklup, en dat wylst se har wol profilearje as Fryske klup. Geert Arend Roorda is de iennichste Fries yn de seleksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)