Lûdsmjittings yn Noardwâlde

Lûdsmjitter Jan de Jong fan DHV
Gasbedriuw Vermillion hat tiisdeitejûn yn Noardwâlde lûdsmjittings útfiere litten by minsken dy't kleie oer in lege bromtoan yn hûs. Fiif gesinnen dy't ticht by de gasput oan de noard-east kant fan Noardwâlde wenje sizze de hiele dei in brom te hearen. Dit lûd komt neffens harren fan de pompen op it terrein fan de put.
De earste test by de famylje Bos wiisde út dat der gjin lege bromtoan te hearen is yn hûs. De famylje seit dat Vermillion de pompen útset hat.