Gemeente sil Aris helpe

25 jan 2011 - 22:47

Basketbalklup Aris krijt help fan de gemeente Ljouwert mei de syktocht nei nije sponsors. De earedivyzjeklup moat op syk nei in nije haadsponsor no't De Friesland takom seizoen ophâldt as haadsponsor. De gemeente wol de iennige sportklup op it heechste nivo út Ljouwert net falle litte en sil no potinsjele sponsors oanskriuwe om Aris stipe te jaan.

Foar 1 maaie wol Aris witte oft se it gat opfolje kin om troch te gean yn de earedivyzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)