Aris op it nipperke nei winst

25 jan 2011 - 22:32

De Friesland Aris hat de alfde oerwinning fan it seizoen binnen. Amsterdam waard yn It Kealledykje mei 76-74 ferslein. Lang like it derop dat Amsterdam de punten meinimme soe. Beide ploegen makken in protte flaters en it skot wie net bêst. Yn it lêste kwart gong Aris, ûnder oanfiering fan Mark Sanchez (21 punten), derop en dêroer. Ek John Williams en Manny Adoka kamen yn de dûbele sifers, beide 14 punten.

Aris bliuwt fiifde mei 22 punten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)