Opsterlân: Aldeboarn is wolkom

© Omrop Fryslân
Aldeboarn is fan herte wolkom by de gemeente Opsterlân. Dat lit it kolleezje fan dy gemeente witte. Boargemaster Ravenstein stjoert tiisdei in brief mei dit boadskip oan de gemeente Boarnsterhim, oan deputearre steaten en nei de eigen gemeenteried.
Op 't heden is it foarstel fan Boarnsterhim dat it doarp nei de weryndieling fan de gemeente Boarnsterhim oer gean sil nei Hearrenfean.