Fries tsjûge oanslach Moskou

De Fries Jan Braaksma wie moandei tsjûge fan de oanslach op fleanfjild Domodedovo yn Moskou. Dêr kamen 35 minsken om it libben en 170 rekken ferwûne. Braaksma fleant geregeld nei Ruslân foar syn wurk. Moandei hie er in flucht fan Düsseldorf nei Moskou.
Dêr oankaam, belle syn kollega dy't mei in oare flucht kommen wie, dat hy noch efkes op him wachtsje moast. Dat hat him mooglik it libben rêden. As er earder troch de dûane gien wie, hie er oan 'e kant stien fan 'e ûnploffing.