Gjin nij Oerol yn New York

25 jan 2011 - 11:16

Der komt dizze simmer gjin nij Nederlânsk teaterfestival yn New York. It idee wie om it keunstfestival New isLand op Governors Island, in inisjatyf fan Oerol, noch in kear te hâlden. Foar 2011 is al flink oerlein mei de belutsen ministearjes, mar it Nederlands Fonds voor Podiumkunsten seach der dochs gjin heil yn.

Oerol-direkteur Joop Mulder is teloarsteld oer de negative reaksje fan it Fonds. Hy wol no besykje om it festival yn 2012 yn New York te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)