Famke (19) ferwûne by ûngelok

In famke fan 19 jier út Ljouwert is moandei ferwûne rekke by in ûngelok op de Skeltedyk yn Koarnjum. Se fytste oer de paralleldyk rjochting Ljouwert. Se waard oanriden troch in autobestjoerder út Groesbeek.
Dy sloech rjochtsôf en joech it famke gjin foarrang. It slachtoffer is mei ferwûnings oan holle, rêch, earm en skonk nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.