Plan: OV-social mediaplatfoarm

© Omrop Fryslân
Der komt in social-mediaplatfoarm foar jongeren om te praten oer it iepenbier ferfier yn Fryslân. It platfoarm moat derfoar soargje dat jongeren makliker mei de provinsje en iepenbier ferfiersbedriuwen yn petear kinne. Doel is om it iepenbier ferfier better oan te sluten op de winsken fan de jongerein.
Dat kin ûnder oare mei twitter of in ynternetsite. As jongeren bygelyks in idee hawwe om it iepenbier ferfier te ferbetterjen, kinne se dat twitterje.