Cambuur ûnderút yn eigen hûs

24 jan 2011 - 22:48

SC Cambuur hat moandeitejûn yn in strieminne wedstriid mei 2-1 ferlern fan Helmond Sport. Yn de 28e minút kamen de gasten op foarsprong troch in goal fan Esajas. Mei dy stân waard ek it skoft berikt.

Yn de 71e minút stelde Helmond Sport de winst feilich troch in goal fan Veldmate. Cambuur kaam yn de 90e minút noch in bytsje werom troch in goal fan Ghoochannejhad, mar dêr bleau it dan ek by. Cambuur sakket troch it ferlies nei it tsiende plak op de ranglist.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)