Wurkleazens NE-Fryslân heech
De wurkleazenssifers yn Noardeast-Fryslân fan desimber 2010 litte sjen dat dy yn dizze streek noch altyd folle heger lizze as yn Fryslân en Nederlân. It ferskil mei Fryslân is 1,5% en mei Nederlân 2,5%.
Neffens Werkplein is ien fan de oarsaken dat oplieding en wurk net goed op elkoar oanslute. Sa is der meikoarten yn Noard-Nederlân ferlet fan 2500 masine-operators, wylst der mar in hantsjefol oplieden wurdt.
Trefwurden:
argyf