Reedriders wol nei Moskou

24 jan 2011 - 20:21

De Nederlânske reedriders geane wol nei Moskou foar de wrâldbeker dy't dêr it kommend wykein riden wurdt. Op fleanfjild Domodedovo by Moskou is moandeitemiddei in oanslach pleegd dêr't al 35 minsken by omkamen.

De reedriders komme op in oar fleanfjild oan en der is ek gjin negatyf reisadvys ôfjûn. De KNSB lit de sporters dêrom gewoan ôfreizgje. Yn de Nederlânske ploech sitte ûnder oare Marrit Leenstra, Thijsje Oenema, Sjoerd de Vries en Margot Boer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)