Studinte-orkest yn Fryslân

Foar it earst yn it 60-jierrich bestean fan it Nederlânsk Studinte Orkest wurdt takom jier in optreden jûn yn Fryslân. Op 15 febrewaris 2012 strykt it 100-koppige symfony-orkest del yn De Harmonie yn Ljouwert.
Oant no ta hat it orkest him foaral rjochte op de echte studintestêden, lyka Grins. No is de funksje fan foarsitter yn hannen fan in Fries kommen. Studinten sizze foar in skoftsje har stúdzje op om har hielendal op it orkest te rjochtsjen.