Part Swette-projekt ôfsletten

24 jan 2011 - 16:03

Tusken Grou, Akkrum en Aldeboarn is flink wat nije natuergrûn ûntstien nei in yngeande werynrjochting fan it Swettegebiet, De Burd en It Eilân West. Ek is de grûn fan sawat 45 boeren opnij ferdield. Moandei is ien diel fan dy werynrjochting offisjeel ôfsletten mei it iepenjen fan in nij gemaaltsje tusken Akkrum en Aldeboarn.

Takom jier begjint noch in oare grutte werynrjochting. Dan wurdt in bredere farferbining groeven tusken de Pikmar en de Wide Ie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)