'Ynstellings kenne wet net'

Deputearre Tineke Schokker
Fryske soarchynstellings litte har te bot beheine troch de wet. Of eins troch wat se tinke dat de wet is. Dat docht bliken út ûndersyk troch Frieslab, in ûndersyksynstelling dy't wurket yn opdracht fan it ryk, de provinsje en de Fryske gemeenten.
Neffens Frieslab witte ynstellings faak net goed hoe't de wet yn elkoar stekt en dêrtoch fergrieme se in soad tiid en jild. Uteinliks is de pasjint dêr de dupe fan.