Kâns op ryksjild foar Thialf

24 jan 2011 - 12:01

De kâns op ryksjild foar in nij of fernijd Thialfstadion op It Hearrenfean wurdt hieltyd grutter. Minister Edith Schippers fan Sport wol har binnen it kabinet hurd meitsje foar in ryksbydrage. Dat hat se it ôfrûne wykein op it WK-sprint dúdlik makke tsjin deputearre Sjoerd Galema.

Neffens de minister is der binnen har eigen departemint net in soad jild en moat de bou fan in nij iisstadion dêrom breder lutsen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)