Himpkwekerij yn Steggerda

24 jan 2011 - 11:10

De plysje hat oan de Westvierdeparten yn Steggerda in himpkwekerij oprôle. Troch tips wie de plysje de kwekerij op it spoar kaam. By de ynfal yn de wenning troffen de plysjes freed op de souder goed 500 himpplanten en apparatuer oan. De stroom waard yllegaal ôftape.

In 25-jierrige Lekkumer en in 29-jierrige Ljouwerter binne oanholden. Nei't se op it buro proses-ferbaal krigen hiene, mochten se wer nei hûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)