Man oppakt foar mishanneling
In 22-jierrige Ljouwerter is ôfrûne nacht yn syn wenplak oanholden foar mishanneling. De man hie yn in hoarekasaak de eigner en in besiker mishannele en bedrige.
Plysjes koene him oanhâlde. Underweis nei it buro wie de Ljouwerter tige agressyf en bedrige er de plysjes mei de dea. De man sit fêst.