Motorrider ferwûne

24 jan 2011 - 10:48

In 43-jierrige man út Jobbegea is sneintejûn ferwûne rekke by in oanriding yn De Knipe. It slachtoffer ried op syn motor oer de Ds. Veenwei en klapte dêr op in autobestjoerder dy't achterút ried.

De motorrider rekke ferwûne oan 'e skonken en moast mei de ambulânse nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)