Undernimmerspriis Ljouwert

24 jan 2011 - 09:59

Yn Ljouwert wurdt moandei de Undernimmerspriis fan 2010 útrikt. Dat bart by de tradisjonele lunchgearkomste yn it Oranje Hotel yn Ljouwert. De priis wurdt útrikt troch wethâlder Henk Deinum. Hy sil ek yngean op de ekonomyske ûntjouwings fan dit momint.

Ferline jier gong de ûndernimmerspriis noch nei de Bos-groep, in bedriuw dat advys jout en kantoarartikels leveret.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)