Aksje ferkeard medisyngebrûk
De NPCF, de Nederlandse Patiënten Consumenten Federatie en Soarchbelang Fryslân hâlde oant 7 febrewaris in meldaksje om wat te dwaan tsjin ferkeard medisyngebrûk.
Alle jierren moatte 19.000 minsken nei it sikehûs troch ferkeard gebrûk fan medisinen. De ferskate soarchferlieners drage de gegevens faak net goed oan elkoar oer.