Esbjerg wol Roorda

© Omrop Fryslân
It Deenske Esbjerg fB wol SC Hearrenfean middenfjilder Geert Arend Roorda foar de rest fan it seizoen oernimme. Roorda hat twa dagen meitraind mei de nûmer ien-nei-lêst fan de Deenske Superligaen. "Esbjerg is enthousiast, nu is het aan Geert Arend", sa seit saakwaarnimmer Wessel Weezenberg yn in reaksje.
Binnen in pear dagen moat dúdlik wurde oft Roorda oan Esbjerg ferhierd wurdt. De transferperiaode rint noch oant en mei 31 jannewaris.