LDODK wint fan Mid-Fryslân

LDODK: op 'e nij dreech te ferslaan
De Fryske kuorballers fan LDODK bliuwe it goed dwaan. Se wûnen snein de derby fan Mid-Fryslân mei 25-22. LDODK stiet noch hieltiten op it twadde plak en hat in goed útsicht op de play-offs. Lang gie de wedstryd lyk op, fral de earste helte. By rêst stie it 12-10.
It ferskil wie ûnder oare dat by LDODK alle spilers op skot wiene en by Mid-Fryslân allinnich Johan Linthof en Marvin Smorenburg tûk wiene.