Earste winst Snits Wyt Swart
Snits Wyt Swart hat snein de earste oerwinning pakt yn de haadklasse C fan it sneinsfuotbal. It waard 4-0 tsjin Rigtersbeek. De ploech fan Johan Groote stie by rêst al mei 2-0 foar. Snits Wyt Swart stiet krekt net ûnder oan, mei fjouwer punten út trettjin wedstriden.
Sneon spile yn deselde haadklasse FVC al tsjin WKE. De Ljouwerters ferlearen dy wedstriid mei 3-2.
Trefwurden:
argyf