Bobteam Van Calker ûnderút

23 jan 2011 - 17:49

It bobslydteam fan Edwin van Calker mei remmer Sybren Jansma einige it EK bobslydzjen yn it Dútske Winterberg yn mineur. Yn de earste run mei de fjouwermansbob waard it tsiende plak helle. It ferskil mei plak seis wie mar lyts. Yn de twadde run crashte de bob yn de foarlêste bocht. In goeie klassearing siet der doe net mear yn. It team waard sadwaande santjinde.

De titel gie nei de Dútske bob fan Manuel Machata yn in tiid fan 1.50.15.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)