Soad folk op Rinsemadei

23 jan 2011 - 16:35

Wethâlder Nieske Ketelaar fan Smellingerlân hat snein yn Drachten it Thijs en Evert Rinsemajier iepene. It wie snein de 'Ha jo ek in Rinsema-dei?' yn Museum Smellingerlân. De opkomst op de Rinsemadei wie goed. Der kamen sa'n 150 minsken nei it museum. In grut part fan harren hie in echte Rinsema by harren en dêr sieten ferskate bysûndere wurken by.

Ketelaar oerlange it museum in wurk fan Thijs Rinsema dat noch yn it besit is fan de gemeente Smellingerlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)