Groothuis start dochs

23 jan 2011 - 16:20
Súksesfol protest foar Groothuis (foto: Sportfoto.nl)

Nei in súksesfol protest fan reedridersbûn KNSB, kin Stefan Groothuis dochs meidwaan oan it slotstik op it WK sprint op It Hearrenfean. Groothuis waard snein nei de 500 meter diskwalifisearre omdat hy út de bocht oer de line fan syn baan ried, de saneamde 'dokter Bibberregel.'

Groothuis stiet yn it klassemint fjirde, Kyou-Hyuk Lee út Súd-Korea hat de lieding by de manlju.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)