Man bedriget frou mei mes

In 41-jierrige man fan It Hearrenfean is oanhâlden omdat hy sneontejûn in frou (21) fan It Hearrenfean op de Sieversstrjitte yn syn wenplak mei in mes bedrige hat. It slachoffer hie op dat stuit spul mei famylje en de 41-jierrige fertochte bemuoide him der mei.
De frou woe dat de man fuort gie, mar dat die hy net. Yn plak dêrfan luts de 41-jierrige man in mes en drige har del te stekken. De plysje fûn him op it Baken. Hy hie in mes by him.