Plysje mishannele yn Ljouwert

Yn Ljouwert is fan sneon op snein in agint ferwûne rekke oan syn holle. Sneintemoarn om healwei fiven is dêrfoar in Ljouwerter (28) oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan mishanneling, poging ta swiere mishanneling en de mishanneling fan de plysjeman.
It begûn allegearre doe't de plysje ôfkaam op in fjochtpartij yn in hoarekasaak oan de Nijstêd. Dêr waard yn de garderobe fochten en dêr is ek de agint yn syn gesicht slein.