Spegel fan plysje-auto trape
In 33-jierrige man fan Boalsert is yn de nacht fan sneon op snein oanhâlden troch de plysje. De man trape de spegel fan in plysjeauto dy't parkeard stie oan de Dykstrjitte.
In agint seach dat it barde en hat de fertochte oanhâlden. De Boalserter moast mei nei it plysjeburo, mar mocht nei ferhoar en in proses-ferbaal wer nei hûs.