Arnoud Meijer FK tafeltennis

Arnoud Meijer
Arnoud Meijer út Hilversum hat sneon de titel Frysk kampioen tafeltennis pakt. Yn de finale wûn Meijer fan Arnold Terpstra út Frjentsjer. Dit wie de earste titel fan de 26-jierrige âld-Dokkumer by de senioaren. Meijer wûn de finale yn de sechde set, nei in fiifde matchpoint: 16-14 en 4-2.
By de froulju wie Snitser Sandra van Gaalen foar de fjirde kear op rige de sterkste. Twad waard Corrie Wijnstra fan Dokkum.