Ferlies Fryske kuorballers

Kuorbalferlies foar SCO en Drachten
Kuorbalklup Drachten en SCO út Aldehotlpea hawwe sneon beide harren wedstriid yn de haadklasse ferlern. Drachten spile yn Wageningen tsjin VADA, it ferskil wie net grut: 23-20 foar de Gelderske klup.
SCO spile thús en ferlear mei 24-17 fan koprinner OVVO út Maarssen. Snein stiet de Fryske derby tusken LDODK en Mid-Fryslân op it programma. SCO stiet op it sechde plak, Drachten stiet ek dizze wike ûnderoan.