Auto útbaarnd oan Heliconwei

23 jan 2011 - 13:24

Oan de Ljouwerter Heliconwei is yn de nacht fan sneon op snein in auto útbaarnd. De brânwacht wie der gau by, mar koe net foarkomme dat de goudkleurige Audi folslein troch brân ferlern gie.

Omdat de brân achter yn de auto begûn wurdt rekken hâlden mei brânstifting. De auto is fuortsleept troch in bergingsbedriuw. De plysje sil de saak noch fierder ûndersykje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)