Drachtster Boys wint yn Grins
De fuotballers fan Drachtster Boys hiene sneon yn de haadklasse C gjin muoite mei Oranje Nassau út Grins: it waard 2-0 foar de Friezen. It wie de sechde oerwinning foar de jonge ploech fan trainer Jan van Raalte.
Yn de selde haadklasse spile ONS út Snits thús lyk tsjin PKC '83, it waard 1-1. De Snitser haadklasser stiet no op it fyfde plak, Drachtster Boys achtste.
Trefwurden:
argyf