'Tagongspriis Thialf te heech'

22 jan 2011 - 16:25

Guon reedrydleafhawwers ha stevige krityk op de tagongsprizen fan it WK sprint op Thialf. Dy binne neffens harren te heech. Reedrydbûn KNSB soe yngripe moatte, want oars bliuwe de echte fans tenei thús, sa warskôgje ferûntrêste supporters.

Dit wykein is op Thialf it WK sprint. Foar it earst sûnt jierren binne der op de wedstriiddei noch kaarten te keap. Oars wie it toernoai yn it foar al útferkocht. De priis fan 120 euro foar 2 dagen skrikt guon supporters ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)