Boer falt tsjin op 1000m

Margot Boer (foto: Sportfoto.nl)
Reedrydster Margot Boer kin werom sjen op in mindere 1000 meter, sneon op it WK sprint op It Hearrenfean. Neidat de ynwenster fan Grou in sterke 500 meter riden hie, foel it 8ste plak op de kilometer ôf. Boer sette in tiid fan 1:17.47 del. De Kanadeeske Christine Nesbitt wûn de tûzen meter yn 1:15.01 en dat wie in baanrekôr. Ireen Wüst waard twadde en Annette Gerritsen tredde.
Yn it klassemint dat Nesbitt oanfierd, stiet Margot Boer no fiifde.