Teloarstellende start Jansma

22 jan 2011 - 15:25

It EK bobslydzjen yn it Dútse Winterberg is foar Sybren Jansma teloarstellend begûn. Sneon einige Jansma mei syn maat Edwin van Calker yn de twamansbob úteinlik as 17de. Jansma en Van Calker giene yn it Sauerlân twa kear nei ûnderen en hellen dêrmei twa kear in 17de plak.

Beide mannen mikten op in plakje by de earste tolve. Snein komt Jansma noch út yn de fjouwermansbob.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)