Plysje slút drankrider op

22 jan 2011 - 14:12

In 32-jierrige drankrider fan Bûtenpost is freedtenacht opsletten. De plysje seach de man riden op de Keizersgrêft yn Ljouwert en sette him oan de kant. Op it plysjeburo die bliken dat de man mei tefolle drank op riden hie. Omdat hy in eardere jildboete net betelle hie, waard de man fuortendaliks fêstset.

In man fan De Tike (20) is freedtenacht yn Drachten syn rydbewiis kwytrekke. De man foel op om't hy slingerjend ried.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)