Boer twadde op de 500m

Margot Boer is twadde wurden op de 500 meter (foto: Sportfoto.nl)
Reedrydster Margot Boer fan Grou is sneon op de earste ôfstân fan it WK sprint twadde wurden. Boer starte op it iis fan Thialf op de 500 meter tsjin de Japanske Kodaira, beide froulju kamen tagelyk oan yn in tiid fan 38.28.
De Dútske Jenny Wolf wûn de earste 500 meter yn in tiid fan 38.21. Letter sneon stiet Boer op de 1000 meter tsjin de Kanadeeske Nesbitt.