Skip fart tsjin slúsdoarren

22 jan 2011 - 08:30

It skipfeartferkear by de slús yn it Prinses Margrietkanaal by De Lemmer komt langsum wer op gong. It wie sneontemoarn stillein nei't in binnenfeartskip tsjin de binnendoarren botst wie. Sân skippen hawwe ferskate oeren fêstlein. De skipper dy't fan 'e Iselmar kaam tocht dat de doarren iepen wiene en fear de slús sa binnen. Beide doarren binne skansearre.

Hoe grut de skea is wurdt ûndersocht troch it KLPD, dy't ek in dûker ynset. Der binne gjin minsken ferwûne rekke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)