Vlaardingen stipet Skylge

22 jan 2011 - 07:39

De gemeente Vlaardingen wol mei Skylge besykje it boargerlik wetboek sa te wizigjen dat je net allinnich oanjefte dwaan kinne fan in berte yn it berteplak, mar ek yn it plak dêr't de mem wennet. Froulju meie net langer befalle op Skylge, sadat der offisjeel gjin berne Skylgers mear bykomme kinne.

Boargemaster Jurrit Visser sei earder dat syn gemeente in stikje fan it Ljouwerter sikehûs oernimme wol. Dat duorret neffens wethâlder Hans Versluijs fan Vlaardingen te lang.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)