ADO foarby Hearrenfean

22 jan 2011 - 01:36

Hearrenfean is sakke op de ranglist troch te ferliezen fan direkte konkurrint ADO Den Haach. Hearrenfean ferlear mei 3-1 fan de Hagenezen.

Benammen de earste helte waard Hearrenfean op ynset en bluf ôftroeve. Nei in kertier skoarde Danny Buijs 1-0. Koart nei rêst makke Vicento 2-0. In goeie faze smiet de 2-1 fan ynfâller Bas Dost op, mar in minút letter wie Lex Immers alert en skoarde 3-1. Troch de oerwinning giet ADO oer Hearrenfean hinne op de ranglist.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)