Anne Hoogendoorn wol plaat

21 jan 2011 - 16:27

De 22-jierrige Anne Hoogendoorn út Goaiïngea wol sa gau mooglik in plaat opnimme. De sjongeres die mei oan de talintejacht The Voice Of Holland en skopte it ta de heale finale. Dy wie ferline wike. Freedtejûn is de finale fan it programma.

Hoogendoorn is op dit stuit yn petear mei de minsken fan The Voice oer de mooglikheden foar in album. Yn maaie stiet de sjongeres yn de Heineken Music Hall. Dan mei se optrede mei sjonger Jeroen van der Boom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)