28 gadingmakkers Hearrenfean

Peter de Jonge giet fuort
28 minsken hawwe sollisitearre nei de baan fan boargemaster fan Hearrenfean. Der sitte sân boargemasters, acht (eardere) wethâlders en twa (eardere) deputearren by. Under de sollisitanten sitte ek sân froulju.
Kommissaris fan de Keninginne Jorritsma makket in seleksje út de gadingmakkers, wêrnei't in fertrouwenskommisje mei har prate sil. De hjoeddeistige boargemaster Peter de Jonge stapt nei santjin jier op. Syn opfolger begjint op 1 april.