Nijbou Nij Smellinghe klear

21 jan 2011 - 14:22

It sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten hat in nije fleugel oan it sikehûs iepene. Dy nijbou wie nedich omdat in tal ôfdielings yn needgebouwen húsfeste wie. Yn de nijbou is ûnder oaren plak foar de bernepoly en de ôfdieling geriatry.

De polyklinyske apteek is ek nij. De medisinen wurde dêr mei in druk op de knop oanlevere troch in robot. Mei-inoar hat de nije fleugel sa'n 16 miljoen euro koste.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)