Drugsdealer Drachten oppakt

21 jan 2011 - 14:15

De plysje hat in drugsdealer fan 38 jier út Drachten oanhâlden. De man ferkocht drugs yn syn wenning oan de Stationswei. De plysje hat tongersdei earst acht klanten fan de man oanhâlden, nei't se by him weikamen. Fjouwer fan har hiene harddrugs, ien hie softdrugs en in slachwapen. Ek hiene se stellen spul by har.

Dêrnei foel de plysje de wenning fan de dealer binnen. Der binne pûdsjes mei drugs fûn, mar ek stellen autoradio's en fytsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)