Staking Weidelco mei trochgean

21 jan 2011 - 10:16

De staking fan tsien kuolmonteurs by Weidelco yn Bitgum mei trochgean. Dat hat de rjochter bepaald yn in koart pleit dat oanspand wie troch de direksje fan it bedriuw. De monteurs dogge sûnt moandei alle dagen tusken healwei fiven middeis en acht oere moarns gjin steuringswurksumheden fanwege in konflikt oer de CAO.

De fakbûnen ferwachtsje in lange stakingsperioade en sille ynkoarten wer mei de direksje om 'e tafel om in oplossing te finen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)