Soad sike seehûnen

21 jan 2011 - 09:57

De lêste wiken wurde der wer in soad sike seehûnen binnenbrocht by de seehûnekresj yn Pieterburen. Mei-inoar binne yn jannewaris al sa'n 70 sike bisten opfongen. Se komme foaral fan It Amelân, dêr't se oanspiele op it strân. Se ha lêst fan longwjirm.

Neffens eigneresse Lenie 't Hart fan de seehûnekresj herhellet de situaasje fan ferline jier him, doe't de kresj ek yn in koarte tiid bedobbe waard ûnder sike seehûnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)